Oer Afke
Wettersport, reizgje en gesellichheid
Gek op organisearje | spin yn it web | ferslave oan (wetter)sport | nochter | learderich
Lit my mysels foarstelle. Dan witst watst ferwachtsje kinst as wy mei-inoar yn de kunde komme of gearwurkje sille. Ik bin Afke de Jong en ik wenje yn it wettersportdoarp Heech. Fynst my dan ek fakentiids op it wetter. Nei de oplieding International Hospitality Management en in tal banen yn de sales en hospitality bin ik yn 2017 foar mysels begûn. In oersjoch fan de prachtige projekten dy’t ik sûnt dy tiid dien ha, fynst op dizze webside.
NIM KONTAKT OP FOAR MEAR YNFO
Fierder noch
Ik wurkje graach yn in dynamyske omjouwing, dêr’t de kwaliteitseasken heech binne en de deadlines hurd. Fan opdrachtjouwers en kollega’s krij ik werom dat just dan myn organisaasjetalint it sterkst nei foaren te komt: ik bliuw rêstich en nochter en soargje foar struktuer. Skealje fluch, bin beslútfeardich en ymprovisearje wêr’t it nedich is. Ik hâld dêrby each foar kwaliteit en wurkje krekt salang troch oant it maksimale resultaat behelle is.
Ik fyn it noflik en nim de soarch fuort by myn opdrachtjouwers. Sy sketse mei as betrouber, as teamspiler dy’t ek bêst selsstannich har putsjes opknapt en as entûsjast mei in hege gunfaktor. Lestich om dat sa op in rychje te setten ast ék beskieden neamd wurdst. Mar wol eigenskippen dy’t derfoar soargje dat ik foar dy fan grutte wearde wêze kin as evenemint- of projektmanager. Mei tefreden klanten en blide relaasjes as resultaat.
WAT DOCHT REGELFAMKE
High profile events
Produksjes
Saaklike gearkomsten
Projektmanagement
Nim kontakt op
- afke@regelfamke.nl
- +316 29 00 48 04
Spesjalisearre yn
- Evenemintorganisaasje
- Kaartferkeap
- Produksje
- Marketing (NIMA-A) kommunikaasje
- Grafyske foarmjouwing