Afke de Jong – eventorganiser
Regel
Famke
Services
What I Offer
Eveneminten
Regelfamke nimt de soarch wei yn de organisaasje fan in evenemint fan A oant Z. Fan yntime saaklike gearkomsten oant grutskalige festivals, ik bin der om elk evenemint unyk en om nea te ferjitten te meitsjen. Myn ûnderfining makket dat ik foar alle gelegenheden in op maat makke plan ûntwikkelje kin. Elke kar dy’t dêrby makke wurdt slút perfekt oan op it doel en it ferhaal. Oft it no giet om saaklike konferinsjes, netwurkeveneminten of ynformele gearkomsten, ik stean klear om elk barren ta in súkses te meitsjen.
Projekten
Regelfamke is ek yn te setten foar projektmanagement. As bedriuw hawwe je net altyd de kapasiteit en kennis yn hûs. Fan konsept oant útfiering, ik koördinearje elk aspekt fan dyn projekt. Mei oandacht foar planning, budzjetten en kommunikaasje soargje ik derfoar dat alle soepel ferrint. Regelfamke is yn te setten as oanfolling op in team dat alles regelet en koördinearret.
Deiproduksje
Bedriuwen dy’t sels in gearkomste of evenemint organisearje, mar op de dei fan it evenemint net dwaande wêze wolle mei de útfiering om’t se harsels folslein op harren gasten rjochtsje kinne, jouwe de deiproduksje graach út hannen oan Regelfamke. Mei in skerp each foar logistyk, effisjinsje en in grut ymprovisaasjefermogen, soargje ik foar in dei sûnder wryt of slyt, dêr’t alle puzelstikjes by op harren plak falle.
Wa is Regelfamke
Eveneminten, wettersport, sporte en reizgje
Lit my mysels foarstelle. Dan witst watst ferwachtsje kinst as wy mei-inoar yn de kunde komme of gearwurkje sille. Ik bin Afke de Jong en ik wenje yn it wettersportdoarp Heech. Fynst my dan ek fakentiids op it wetter. Nei de oplieding International Hospitality Management en in tal banen yn de sales en hospitality bin ik yn 2017 foar mysels begûn. In oersjoch fan de prachtige projekten dy’t ik sûnt dy tiid dien ha, fynst op dizze webside.
Nim kontakt op
- afke@regelfamke.nl
- +316 29 00 48 04
Spesjalisearre yn
- Evenemintorganisaasje
- Kaartferkeap
- Produksje
- Marketing (NIMA-A) kommunikaasje
- Grafyske foarmjouwing